Maatregels tsjin boeren dy't nêsten ferniele

De provinsje wol maatregels treffe tsjin boeren dy't mei opsetsin nêsten ferniele en greidefûgels dea meitsje by wurk op it lân. Dat sei deputearre Johannes Kramer woansdei by de evaluaasje fan it greidefûgelbelied fan de provinsje. Kramer neamt it spitich dat de doelstelling fan 10.000 briedpearen skriezen yn 2020 net helle wurdt, mar dat de achterútgong fan greidefûgels wol ombûgd wurdt.
De provinsje wol mear wiet en krûderyk gerslân kreëarje, sadat piken better oerlibje kinne. Ek moat der wat dien wurde oan bygelyks de foks en de marter. Fan alle fûgels dy't opfretten wurde, nimt de foks 60 persint foar syn rekken, yn sa'n 30 persint fan de gefallen is de marter ferantwurdlik.