Kollum: "Desimber"

30 nov 2017 - 08:29

"It is de lêste dei fan novimber. We dûke in moanne yn fan kadootsjes, buorrels, feestjes en taspraken. Ik fyn desimber altyd in ramp, want net allinnich binne der in protte sosjale gearkomsten, mar ek moat der faak noch in protte wurk klear foar it nije jier. It hie wat dat oanbelanget in stik oersichtliker west as Jezus yn febrewaris of ein oktober berne wie: dan hiene we alle putsjes, faktueren en oare losse eintsjes fan it âlde jier mei alle gemak ôfmeitsje kinnen.

Neidat ik my ferline wike yn 'e Swarte Pite diskusje mingd hie, en hjir sei dat Swarte Pyt rasisme is, en ik fuortendaliks op Twitter foar idioat útmakke waard, wat my net safolle skele kin, om't Swarte Pyt rasisme is, en ik bliuw it sizzen, mar dus om't we hjir ússels ek net tefolle werhelje moatte, want dan hoech ik net wer te kommen yn it nije jier, en slút ik dit jier wol hiel slim yn mineur ôf, no, dus dêrom, tocht ik dat it miskien wol aardich en nuttich wêze kin om wat praktyske tips te jaan foar desimber. In stikje service nei de harkers ta. Hoe desimber troch te kommen:

Tip 1: Speeches. Op de buorrels yn dizze moanne miene minsken speeche te moatten. Myn tip is: doch it net, en as it net oars kin, hâld it koart, skriuw gjin grapkes op en doch it út de holle. Myn tip foar harkers fan speeches is: do kinst der neat mear oan dwaan, do wiest te betiid op dizze buorrel en no moast harkje. De meast effisjinte wize om dit te dwaan is om dy sa stil mooglik te hâlden, dan is it sa gau as mooglik foarby. Nim in buorrel.

Tip 2: Krystpakketten. In moai gebear, mar jou no mar ta: do smytst de helte earne healwei july fuort. Ik haw in opdrachtjouwer hân dy't as alternatyf hie om it bedrach dat foar it krystpakket stiet oer te meitsjen nei in goed doel fan eigen kar. Dat joech my in echt krystgefoel, en dy crackerkes keapje ik sels wol. Hast gjin kar mear, nim it dan yn tankberens oan. Hast honger: yt it op. Jou it oars oan in itensbank.​

Tip 3: Kadootsjes. Jou gjin saken. Jou bygelyks in jûntsje nei it teäter, bioskoop of in middei strune troch de Rysterbosk. De kâns is grut dat soks mear yndrukken opleveret as in item fan 12,95.

Tip 4: Boeken. Boeken foarmje wat my oanbelanget in útsûndering op gjin saken jaan. Boeken binne altyd in goed idee om te jaan. It oanbod fan boeken kin oerweldigjend wêze, mar foar elkenien is der in begjin foar boeken. It ynternet stiet fol mei tips, boekeklups en boekbesprekken, dat dêr komst altyd út. Ik soe kranten it advys jaan wolle om ein novimber mei harren jierlisten te kommen fan de bêste boeken, want, bêste kranteskriuwers, wy keapje se no.

Tip 5: Boeken. Boeken foarmje wat my oan belanget.... nee dit is net in werhelling... it lêzen fan boeken is de bêste wize om de feestdagen troch te kommen. Want it is kutwaar mei de krystdagen, gean dêr no earst mar fan út, en dan moatst wat om hannen hawwe. Lês in boek. It ferrommet dyn wrâld. En ast dan dochs eamelje moatst mei famylje of kollega's, dan hast yn alle gefallen wat om te fertellen.

Tip 6: Gean oan it wurk. De sfear op it wurk is gesellich, it is net sa drok, en wurdst hast net steurd, om't nimmen der op rekkenet datst der bist. En ast op de feestdagen sels wurkje moatst, dan kinst somtiden ek noch in aardige opslach krije.

Tip 7: Drank. Minimaal. Serieus. Doch yn gefal fan needsaak krekt as oftst dronken bist, mar drink it absolute minimum. Oars is it gewoan net te dwaan, dizze moanne.

En ta beslút Tip 8 foar desimber, en dit is myn wichtichste tip: hâld strak in aginda by. Want it rint samar mis. Wylst ik dit sis, tink ik trouwens: miskien moatst dit krekt ek net dwaan. Want it wurdt dochs in puinhoop. En as it mis rint, dan kinst der neat mear oan dwaan en hast der foarôf de stress net fan hân. Lit dus einliks mar sitte.

No goed. Oer in moanne en twa dagen binne we der allegearre wer trochhinne, dan is it 1 jannewaris. Set jim skrep, sterkte mei de Piten, de buorrels en de krystbinde. Tink mar sa: it is gau jannewaris, en dan binne we der fan ôf.

Behalve dan de nijjiersbuorrels."

(Advertinsje)
(Advertinsje)