Net genôch jild foar alle JSF-fleantugen

30 nov 2017 - 06:40

It ministearje fan Definsje hat net genôch jild om alle F-35 fleantugen, ek wol JSF neamd, oan te skaffen dy't orizjineel pland wiene. Dat skriuwt it Financieele Dagblad tongersdei. Der is mar jild foar 34 F-35 tastellen, en dat binne der trije minder as earst pland. Dat skriuwt steatssekretaris Barbara Visser oan de Twadde Keamer.

Neffens Visser is de hegere dollarkoers de oarsaak fan it jildtekoart. De steatssekretaris hâldt yn har brief noch in slach om de earm. Se hat it oer 'nei alle gedachten net genôch projektbudzjet'. Takom jier moat der mear dúdlikheid komme oer it tal F-35's dat kocht wurde kin.

Trefwurden: 
JSF F35
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)