Ried fan Steat bûcht him oer kwestje Timorstrjitte

29 nov 2017 - 22:51
Foto: Google Streetview

Bewenners fan de Timorstrjitte yn Ljouwert begripe der neat fan. Se reitsje de privacy kwyt, sizze se, as de gemeente de nijbouplannen trochset, omdat de buorlju dan sa de tún yn sjen kinne. Woansdei stiene bewenners en gemeente rjocht tsjinoer inoar oer by de Ried fan Steat, de heechste bestjoersrjochter fan it lân. De beammen dy't de wenningkorporaasje plantsje wol om it sicht te beheinen, binne neffens har net genôch.

De gemeente Ljouwert hat de nijbouplannen foar de Yndyske buert yn Ljouwert earder goedkard. Wenningkorporaasje Elkien wol de ferâldere hierwenningen slope en ferfange troch 220 nije wenningen. Yn de Insulindestrjitte wurde se twa meter heger, en se komme ek in meter tichter by de Timorstrjitte te stean. De wenningen oan de Twadde Delidwersstrjitte komme sels fjouwer meter tichterby.

Net belutsen

It stekt de bewenners fan de Timorstrjitte dat se hielendal net by de plannen belutsen binne. "Toen wij in 2015 naar een voorlichtingsavond gingen zei de architect dat er helemaal niets aan de hoogte en de afstanden zou veranderen. Daarna hoorden we niets meer. Pas toen het plan werd vastgesteld zagen we alle veranderingen pas", seit Malou Almeloo, dy't de bewenners fertsjinwurdige op de sitting.

De bewenners binne net allinne bang dat se harren privacy ferlieze, mar tinke ek dat se aanst minder sinne yn de tún ha sille. Oer in pear wiken docht de Ried fan Steat útspraak yn dizze saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)