Personiel De Friesland leit him net by oername del

30 nov 2017 - 07:15

It personiel fan soarchfersekerder De Friesland leit him der net samar by del dat it bedriuw oernommen wurdt troch Zilveren Kruis fan Achmea. Neffens fakbûn FNV leit der noch in oare opsje op tafel: fersekerder Oranjewoud soe ek belangstelling ha foar in oername. Dêrby soe De Friesland selsstannich fierder kinne, seit Annelies Bontjer fan it fakbûn FNV. Neffens har binne de meiwurkers lilk omdat De Friesland ûnder Achmea dy selsstannichheid ferliest.

Nije wike hawwe de fakbûnen in petear mei de direksje fan De Friesland. It liket der net op dat dat folle doel ha sil, earder waard meld dat de oername troch Achmea definityf is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)