"Hearrenfean-hooligans houwe mei, dy fan Cambuur net"

29 nov 2017 - 21:57
Hearrenfeansupporters

Supporters fan Sportklup Hearrenfean prate soms ôf om te fjochtsjen mei supporters fan oare klups. Dat meldt Nieuwsuur op basis fan in plysjerapport. 29 fan de 34 betelle fuotbalklups yn Nederlân soene supporters ha dy't sokke ôfspraken meitsje. Cambuur sit dêr net by.

Tsientallen minsken

Neffens kriminolooch Henk Ferwerda binne der alle kearen tsientallen mannen belutsen by de houwerij. It giet om jonge mannen, tusken de 20 en de 30 jier, faak mei in behoarlik strafblêd. "We zien jongens die eerder met politie en justitie in aanraking zijn gekomen", seit Ferwerda. "Over het algemeen gaat het om groepsgeweld, geweldsincidenten in de woonomgeving en huiselijk geweld."

It giet yn de groepen net allinne om fuotbalfans, seit Ferwerda tsjin de NOS. "Er worden jongemannen gerekruteerd van wie ze denken dat zij hun groep sterker maken. Dat zijn jongens die heel bedreven zijn in vechtsporten.''

It berjocht fan Nieuwsuur is opmerklik, omdat supporters fan Cambuur ferline jier yn Stienwyk in fjochtpartij hienen mei supporters fan Vitesse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)