Plysje begeliedt aksjefierders tsjin Swarte Pyt nei Dokkum

Om foar te kommen dat der opnij blokkaden op de sneldyk komme, wurde de aksjefierders dy't sneon yn Dokkum protestearje wolle tsjin Swarte Pyt begelaat troch de plysje. Dat befêstiget in wurdfierder fan de gemeente Dongeradiel. De aksjefierders tsjin Swarte Pyt wolle mei bussen en auto's fan Duivendrecht nei Fryslân komme.
De demonstranten woenen graach op 'e Markt yn Dokkum demonstrearje. Om't dêr wurke wurdt, moatte de aksjefierders útwike nei in oare lokaasje. De demonstraasje stiet pland fan twa oere oant fjouwer oere middeis.
De minsken dy't it piteprotest by de yntocht fan Sinteklaas tsjinholden troch de sneldyk te blokkearjen, sizze no dat se de aksjefierders 'moai gean litte' wolle.