"Pop-up-plysjeburo moat faker tapast wurde"

29 nov 2017 - 21:07

In opmerklike primeur woansdeitejûn foar de plysje yn Ljouwert. Foar it earst yn Fryslân waard der in saneamd pop-up-plysjeburo iepene. It plysjeburo siet foar trije oeren yn it wyksintrum fan de Ljouwerter wyk Bilgaard. It tydlike buro waard iepene om it foar minsken út de buert makliker te meitsjen oanjefte te dwaan fan ynbraak. Woansdeitemoarn waard der in ynbrekker op 'e die betrape, mar al gau die bliken dat er op folle mear plakken west hie. Om de drompel om oanjefte te dwaan sa leech mooglik te hâlden, kamen de aginten foar ien jûn nei de wyk.

It pop-up-plysjeburo is ynspirearre op de tydlike winkels dy't rûnom yn ús lân ynrjochte wurde en faak nei inkelde dagen wer ferdwine. Neffens wykagint Mark Boskma wie it in grut sukses en soe dit middel faker tapast wurde moatte. Yn totaal melden fjouwer tsjûgen har by de plysje en waard der twa kear oanjefte dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)