FIDEO: Tekeningen fan skoalbern by de Waadsee

30 nov 2017 - 06:00

Hoe belûke je bern by it gebiet dêr't se libje? Troch se aktyf meidwaan te litten yn dy omjouwing. Alteast, sa wie de gedachte fan de wurkgroep fan it projekt Eb & Vloed. Alle skoalbern yn de gemeente Ferwerderadiel dogge takom jier mei oan it projekt, betocht troch Boukje Dijkman en Bart van der Sloot. Finster op Fryslân makke de ûndersteande fideo as foarpriuwke, op basisskoalle Op 'e Trije yn Ferwert.

(advertinsje)
(advertinsje)