Utwreiding sportkompleks Harkemase Boys op komst

29 nov 2017 - 20:18
Foto: Harkemase Boys

Fuotbalklup Harkemase Boys sil de sportakkommodaasje de kommende jierren flink útwreidzje. De groei fan it tal nije leden wie de ôfrûne jierren sa grut, dat it hjoeddeiske kompleks it net mear oankin. De boukommisje fan de klup presintearre woansdei in earste plan om De Bosk út te wreidzjen, te fernijen en tagelyk ek enerzjysuniger te meitsjen.

Harkemase Boys hat op it stuit benammen ferlet fan beskikbere klaaikeamers op wedstriiddagen. Troch de flinke groei fan it tal jeugdleden moat dêrfoar neffens de klup ek mear romte komme. ''De uitbreiding moet naadloos aansluiten op ons bestaande en prachtige complex'', sa seit foarsitter Albertus Boonstra fan Harkemase Boys.

(Advertinsje)
(Advertinsje)