It ferneamde wite hynder Freya is dea

29 nov 2017 - 17:29

Freya, it bysûndere wite hynder fan it Noarderleech, is dea. Freya is wrâldferneamd wurden troch de foto fan Laurens Aaij út 2006. Dêrop stie it hynder sintraal yn it wetter tusken oare hynders. Foar de foto krige er de Zilveren Camera. Eigener Aukje Visbeek hat alve jier foar it bist soarge. "It wie in leaf hynder, hiel rêstich, se hat noait in misstap dien. Mar it koe net langer, hiel spitich. Se koe de lêste tiid minder goed yn en út de stâl komme. It rinnen waard swierder. Doe ha we besletten de feedokter derby te heljen." Se woe der net by wêze doe't it hynder in spuitsje krige. "Ik wol har betinke hoe't se yn har libben wie. Se hat hiel wat betsjut, ek foar in protte oare minsken."

Wrâldnijs

Yn 2006 wie in grutte groep hynders op it Noarderleech in pear dagen wrâldnijs. Sawat twahûndert bisten wienen in pear dagen opsletten yn it wetter yn it bûtendyks gebiet by Marrum. Troch de hurde wyn en it hege wetter rekken se ynsletten troch seewetter dat oardel meter djip om har hinne stie. Uteinlik hat in tal lokhynders mei amazônes de bisten fan de dobbe ôfkrigen en har it paad wiisd nei de feilige seedyk. It plan wie om ien fan 'e nuetere hynders fan 'e bûtendykse keppel mei te nimmen oan in halster en dat de oare hynders folgje soenen. Se koene op eigen krêft nei de wâl ta rinne, om't it wetter doe genôch sakke wie.

Yn 2007 koe de famylje Visbeek it wite hynder keapje. "Troch de foto fan Laurens Aaij is Freya hiel bekend wurden. Se wie in symboal fan hoop. Guon fûnen it sels spiritueel. Se wie altyd de rêst yn de kudde en op de foto hie se in blik dy't ik letter ek faak by har seach as se yn it lân stie." Freya is 29 jier wurden. Se hat in dochter krigen, Alexia. "Dêr binne we hiel wiis mei."

(Advertinsje)
(Advertinsje)