Plysje iepenet tydlik pop-up-buro yn wyk Bilgaard

29 nov 2017 - 17:03
Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert komt mei in saneamd pop-up-plysjeburo. Dat is woansdeitejûn iepen yn it wyksintrum oan de Hooidollen yn de Ljouwerter wyk Bilgaard. Dêr is op ferskate plakken tiisdeitenacht ynbrutsen yn huzen en skuorren. De plysje is dwaande mei it ûndersyk.

Der is ek in fertochte oanhâlden. Om't der sa'n soad gefallen binne, kinne dupearren woansdeitejûn yn de buert fan fiven oant achten oanjefte dwaan. Ek minsken dy't wat sjoen hawwe fan de ynbrekkers, kinne har melde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)