FIDEO: Sinteklaas yn Harns

29 nov 2017 - 17:23

Yn Harns wie Sinteklaas woansdei op besite yn de Waddenhal. Dat wie spesjaal organisearre troch Jongerewurk Harns mei de studinten fan de NHL en is bedoeld foar bern dy't opgroeie yn húshâldingen dêr't net folle jild is. Bern koenen in pitediploma helje en turnpiten setten in gymnastykparkoers út. Nei ôfrin krigen alle bern fansels in kado fan Sinteklaas.

Trefwurden: 
Sinteklaas Harns bern
(Advertinsje)
(Advertinsje)