Alve fertochten bestraft yn grutte drugssaak

29 nov 2017 - 16:44
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Ljouwerter rjochtbank hat woansdei alve fertochten yn in grutte drugssaak feroardiele ta wurkstraffen en finzenisstraffen. De heechste straf gie nei in 36-jierrige Ljouwerter, om't er neffens de rjochtbank in liedende rol hawwe soe. Hy moat twa jier de sel yn. De oare tsien fertochten krigen selstraffen fan tsien moannen oant in jier, en wurkstraffen.

It giet om ynwenners fan Ljouwert en Dronryp, fan 26 oant 51 jier. Alle fertochten wurde yn ferbân brocht mei himpkwekerijen yn ûnder mear Frjentsjer, Surhústerfean en Ljouwert. Ek soene se krimineel jild wytwosken hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)