VVV Ljouwert iepenet in nije fêstiging yn 2018

29 nov 2017 - 16:18
Kulturele Haadstêd 2018 - Foto: KH2018

De VVV Ljouwert wreidet yn 2018 út mei in nije fêstiging oan it Aldehoustertsjerkhôf. Sa wolle de meiwurkers klear wêze foar de stream oan besikers yn it jier fan Kulturele Haadstêd. De ynformaasjefoarsjenning yn it al besteande kantoar ûnderyn de Achmeatoer wurdt yn oanpaste foarm trochset. It nije kantoar giet mei it Iepeningswykein ein jannewaris takom jier iepen.

Rinske van der Meulen, no noch wethâlder yn Ljouwerteradiel, sil as direkteur oan de slach by de VVV Ljouwert. Dy posysje wie nei it fuortgean fan René van der Weide yn 2015 fakant bleaun.

Trefwurden: 
VVV Ljouwert 2018
(advertinsje)
(advertinsje)