Soad animo op jûnsskoalle foar jonge ûndernimmers

29 nov 2017 - 16:13
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Der is no al te min plak op de jûnsskoalle foar nije ûndernimmers yn Súdwest-Fryslân. Dizze jûnsskoalle is dizze wike begûn, mei 21 kursisten. De gemeente hat ek in tal gadingmakkers teloarstelle moatten. De jûnsskoalle bestiet út tsien lessen fan trije oeren. De jonge ûndernimmers krije dan begelieding fan professionals mei in soad ûnderfining yn it bedriuwslibben. De dielnimmers binne tusken de 18 en 30 jier âld.

Guon binne al begûn mei har bedriuw, oaren hawwe allinne noch mar plannen. De jûnsskoalle foar nije ûndernimmers is in inisjatyf fan de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)