FIDEO: Binnensjen by it fernijde Princessehof

It fernijde Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert wol in bredere doelgroep oansprekke. Dêrom is it museum de ôfrûne moannen yngripend ferboud. Freed is de offisjele iepening en sneon en snein is it iepen foar publyk en fergees tagonklik. De fêste kolleksje, it yntreegebiet, de teesalon en de museumtún binne op 'e nij ynrjochte.
Neist de nije opstelling fan de fêste kolleksje mei hjoeddeiske keramyske ynstallaasjes út East en West wurde fjouwer nije eksposysjes iepene. Dit jier is it hûndert jier lyn dat it museum de doarren iepene.