Flylanners krije wurkstraffen foar mishanneling
Twa ynwenners fan Flylân fan 27 en 42 jier binne woansdei troch de plysjerjochter yn Ljouwert feroardiele ta wurkstraffen. De rjochter fûn dat bewiisd is dat de Flylanners, yn de nacht fan 6 septimber, in man mishannele hawwe. Dat barde by in kafee oan de Doarpsstrjitte. It slachtoffer wie in meiwurker fan it festival Into the Great Wide Open. Neffens de beide feroardielden wie it slachtoffer ûnder ynfloed. Sy woenen foarkomme dat hy nei slutingstiid weromgie nei it kafee.
It slachtoffer sei dat hy allinne syn spul út it kafee helje woe. Doe soe hy troch de twa Flylanners skopt en slein wêze. De rjochter fynt dat soks foldwaande bewiisd is, ûnder mear om't in freon ek sjoen hat wat der barde. De rjochter hat njonken de wurkstraf ek in skeafergoeding takend fan 1.300 euro en in bedrach fan 600 euro oan smertejild.