Wike lang sûnder smartphone: hoe is it de learlingen ôfgien?

29 nov 2017 - 18:50

De smartphone soe in folsleine generaasje jonge minsken ferwoastje. Se binne sa ferslave oan de mobile telefoan dat se dêr letter in soad problemen troch krije. Se ha minder freonen, binne earder depressyf en der komme mear selsdeadingen foar. Yn it ramt fan de 'week van de mediawijsheid' wie op middelbere skoalle Piter Jelles !mpuls yn Ljouwert wie der oandacht foar. Ien klasse mocht in wike lang de smartphone net brûke. We folgen de learlingen en seagen dat in smartphone-frije-wike hiel pittich is.

Net maklik

De earste dagen wienen foar de learlingen net altyd like maklik. Nei twa dagen sûnder mobyl brochten we woansdei in besite oan de klasse. Doe hienen twa learlingen de mobyl út it fersegele kistje helle.

Sosjaler

De smartphonefrije wike soarge ek foar oare positive ûntwikkelingen. Sa wienen de bern sosjaler nei elkoar en hienen se nei eigen sizzen mear tiid om te praten. Guon bern sizze dat se mear tiid hienen om bygelyks telefyzje te sjen. De skoalle seach dat bern bewuster binne fan it gebrûk fan de telefoan. Dat befêstiget de 13-jierrige Tesse: "Nu pas merk je hoeveel je überhaupt op een schermpje kijkt."

Fan de 18 twaddejiers-learlingen dy't wy folgen binne úteinlik twa ôfheakke yn de rin fan de wike. De oaren hawwe fiif dagen lang sûnder de smartphone libbe en ferbrutsen doe pas it segel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)