Weststellingwerf pakt bermen oan foar mear feiligens

Buske te wetter by Teridzert © De Vries Media
De gemeente Weststellingwerf bringt dizze hjerst by sa'n 30 kilometer dykferhurding oan yn de berm. It giet om stiennen dêr't it gers trochhinne groeie kin. Dat moat de bermen feiliger meitsje. It ferhurdzjen fan de bermen is in winsk yn de doarpen. De oanpak fan de folsleine 160 kilometer kostet 2,7 miljoen euro. De gemeente wol dat wurk kombinearje mei it oanlizzen fan glêsfezelkabels, foar fluch ynternet. Dat makket it wurk in stik goedkeaper.
De bermen dy't oanpakt wurde, lizze yn Wolvegea (Scheeneweg en Hoofdweg Wolvegea - Aldeholtpea), Teridzert (Idzardaweg), Boijl (Boekelterweg), Noardwâlde (Oosterseveldweg), Sânhuzen (Zandhuizerweg, Bekhofweg en IJkenweg) Nijeholtwâlde (Stadburen en Heirweg), Nijlemmer (Schipslootweg) en De Langelille (Kerkeweg).