Foeke Booy earder oan 'e slach by Cambuur

29 nov 2017 - 14:25

Foeke Booy begjint earder as technysk manager by SC Cambuur. Booy soe op 1 jannewaris begjinne by de Ljouwerter fuotbalklup, mar nei it ûntslach fan Marinus Dijkhuizen, hat Cambuur him frege om no al aktyf mei te tinken oer de opfolging fan Dijkhuizen.

Foeke Booy is gjin ûnbekende by Cambuur. Fan 1980 oant 1984 wie hy seleksjespiler fan de klup. Letter spile hy ûnder oaren noch by Brugge yn België en by FC Utrecht. Fan dy lêste klup hat er ek trainer west en technysk direkteur. Booy sjocht is as in grutte útdaging om fan Cambuur in stabile earedifyzjeklup te meitsjen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Foeke Booy
(Advertinsje)
(Advertinsje)