Gemeente wurket net mei oan gaswinning Nijhoarne

29 nov 2017 - 14:18
Gaswinning - Foto: ANP

De gemeente Hearrenfean ferlient gjin meiwurking oan it winnen fan gas troch Vermilion yn Nijhoarne. Dit beslút jildt neffens boargemaster en wethâlders foar beide putten yn it gebiet. Mei dit beslút is ek it fersyk foar de oanlis fan ekstra liedingen fan Mildaam nei de ferwurkingsynstallaasje yn Garyp ôfwiisd.

De gemeenteried hie earder al in moasje oannaam om it boarjen nei nije gasfjilden sa folle as mooglik foar te kommen. De gemeente jout wol oan dat de gaswinning net definityf fan de baan is. De minister fan ekonomyske saken kin it beslút neist him dellizze en Vermilion kin noch heger berop oantekenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)