BFVW wol regelfrije moanne om op predatoaren te jeien

29 nov 2017 - 14:13

Der moat in regelfrije moanne komme foar de jacht op predatoaren fan de greidefûgels. Dat seit foarsitter Rendert Algra fan it fûgelwachtersbûn BFVW. Ut sifers fan de provinsje docht bliken dat it oantal fan 10.000 briedpearen fan de skries yn 2020 net helle wurdt. Dat wie yn 2014 ôfpraat troch de provinsje, mar healwei docht bliken dat dit oantal lang net helle wurdt, benammen troch predaasje.

Allinnich yn de behearsgebieten bliuwt it oantal skriezen gelyk, yn oare gebieten rint it oantal werom. In moanne lang sûnder regels de predatoaren lykas de foks en marter bejeie soe in oplossing wêze kinne, seit Algra. It BFVW wol gearwurkje mei jagers, boeren en natuerorganisaasjes om dit goed te regeljen.

 

(advertinsje)
(advertinsje)