FIDEO: Keunstskilder oer de weropboude Clemenstsjerke

Yn 2013 gie op It Amelân de Sint Clemenstsjerke troch in brân folslein ferlern. Ien ding wisten de Amelanners fuort: de ryksmonumintale tsjerke fan 1879 moast wer opboud wurde. It wie in unike kâns foar keunstskilder Randolph Algera om it komplete ynterieur fan tsjerke te ûntwerpen. Hy betocht in totaalkonsept om it tema eb en floed hinne en makke ûnder oare in trijediminsjonale triomfbôge.
By de weropbou wie it wichtich dat de Amelanner ferhalen werom te finen wêze soenen yn de tsjerke, lykas it ferhaal fan kardinaal Johannes de Jong (1885-1955). Hy spile in wichtige rol yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy die de oprop oan alle haadredakteuren fan nijsblêden om net loyaal te wêzen oan de Dútsers en de NSB-ers én neat foar har te publisearjen.
De tsjerke is ynmiddels al yn gebrûk en ynwijd.
Oer de weropbou makke Froukje Sijtsma in dokumintêre. Op snein 3 desimber is fan 17.00 oere middeis ôf de dokumintêre te sjen by Omrop Fryslân. Op NPO 2 is de film te sjen op sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere, ek op NPO 2.