Crone: "Jou boargemasters mear foech mei âld en nij"

Boargemasters moatte mear foech krije om fjoerwurkfrije-sônes oan te wizen. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hy reagearret dêrmei op de útkomsten fan in rapport fan de ûndersyksried foar de feiligens. Yn dat konsept-rapport stiet dat de risiko's mei âld en nij ûnakseptabel grut binne. Neffens Crone meie gemeenten no hast gjin gebieten oanwize dêr't it ferbean is om mei âld en nij fjoerwurk ôf te stekken. Crone soe graach yngripe wolle yn wiken dêr't de oerlêst grut is. De gemeente soe dan in plein oanwize kinne dêr't it fjoerwurk ôfstutsen wurde mei en it tafersjoch dêr konsintrearje.
Dêrneist moat de plysje mear ynsette op de opspoaring fan yllegaal fjoerwurk. Neffens Crone wurdt it fjoerwurk hieltyd gefaarliker en soarget it foar mear skea en ferwûnings.