Kom yn de krystsfear mei 'Kryst mei Douwe'

02 des 2017 - 11:57

Komt it dy de noas út of kinst der net genôch fan krije? We ha it oer krystmuzyk, dy is al wer folop te hearren en dat wylst Sinteklaas it lân noch net iens út is. Wat no ast Mariah Carey har 'All I want for Christmas' en 'Last Christmas' fan Wham net mear hearre wolst? Dan biedt de livestream 'Kryst mei Douwe' dy in útwei. Lykas alle jierren is syn krystmuzyk wer non-stop te hearren fia ynternet. Yn Op en Ut fan 2 desimber hat gearstaller en presintator Douwe Heeringa it startsein jûn foar de online radiostjoerder. Hy fertelt oer syn favoriten.

Wat betsjut krysttiid foar dy?

"It is in tiid fan ferstilling en refleksje. Ik bring de tiid mei dierbere minsken om my hinne troch en gean echt net yn in restaurant sitten. Net tefolle prikkels en drokte."

Hast nije muzyk ûntdutsen it ôfrûne jier?

"Ja! Fan de Noarske Kari Bremnes. Ik draai wol faker muzyk út Skandinavië, dy fyn ik hiel goed by de tiid fan it jier passen. Miskien wol om't it salang tsjuster is dêr. Neffens tradysje begjin ik de stream mei Koppangen fan Anne Sophie von Otter út Sweden en lit ik de klokke fan Dresden hearre.

Mar ek it iennige moaie Frysktalige nûmer 'Wide wite wrâld' fan it Klaske Kamstra Combo, draai ik altyd. In soad bekende artysten meitsje in spesjale kryst-cd. Dy fan Barbra Streisand is al wol âld, mar wol moai, se hat dan noch in jonge stim. Mar Sting hat lêsten ek in cd makke mei wintermuzyk, hiel ynteger. Dat kinst dus ek ferwachtsje. En fansels heart it Weihnachtsoratorium fan Bach by de krysttiid."

Watfoar gefoel wolst oerbringe?

"It gefoel fan stilte, sa flak foar advint, krystdagen en wintertiid. Oftst no leaust yn Jezus, Boeddha, Mohammed of Moeder Teresa, dat makket my neat út. Sa'n jubelnûmer as 'Hark the angels' hat foar my minder mei krysttiid te krijen. Foar my is de tiid net oermjittich. Krystmoarn begjint foar my mei in stik fan Rachmaninov. Mar ek de Walt Disney-achtige kitsch fan Peggy Lee fyn ik ek hearlik, soks past wer op in oar tiidstip as it rêstige Koppangen."

Hâldst net fan de populêre meisjongers?

"Muzyk fan Wham en Mariah Carey silst by my net hearre. Dat dogge oare stjoerders wol, dus hoech ik dat net mear te dwaan. Untkomst der suver net oan, mar dat heart net by myn krystgefoel. Sa'n bekend nûmer as 'Driving home for Christmas' fan Chris Rea fyn ik dan wol wer moai, dat komt grif foarby. Eins is myn missy dat harkers tinke fan 'hee, wat hear ik' en 'dat koe ik noch net.' Kinst ek 24 oeren nei krystmuzyk harkje en dan hearst echt kwaliteitsmuzyk. Safolle moais is der gewoan, lykas bygelyks 'Stille Nacht' songen yn it Libaneesk en Yndonezysk, dat is echt hiel ferrassend."

Hast noch in tip foar de harker?

"Gean sitten, stek in kears oan en harkje nei al dy prachtige muzyk dy't foarby komt."

'Kryst mei Douwe' is fan sneon 2 desimber ôf te hearren op www.krystmeidouwe.nl en de Omrop-app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)