Foarljochtingskontener Fryske brânwacht yn gebrûk

29 nov 2017 - 12:31

De brânwacht Fryslân nimt woansdei yn Terherne in nije, ynteraktive, foarljochtingskontener yn gebrûk. Yn de kontener sit in spultsje. Minsken kinne meidwaan oan in saneamde Kameleonrace. Se leare wat je dwaan moatte om brân foar te kommen of om de brân út te krijen. Je kinne A of B kieze en as je it goed dogge, triuwt in lytse Kameleon in minypream mei dêrop in lytse brânwachtauto rjochting brân.

De brânwacht woe in typysk Frysk ferhaal en kaam sa út by de Kameleon. De foarljochtingskontener komt op plakken te stean, dêr't in soad minsken komme. Der is al ien kear test. Dêrby die bliken dat lytse bern net goed by de knoppen komme koene. Dat is oplost troch fjouwer opstapkes te brûken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)