Drugsrider yn Ljouwert trappearre

29 nov 2017 - 11:22
Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitejûn in 26-jierrige automobilist út de gemeente Frjentsjerteradiel oanholden. De man foel neffens de plysje op troch syn asosjale rydgedrach. Ut ûndersyk die al gau bliken dat de man drugs brûkt hie. Der is in bloedproef ôfnaam. Yn de auto fan de man fûn de plysje mear drugs en in stroomstjitwapen. It guod is yn beslach naam.

Trefwurden: 
drugs drugsrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)