Bisten witte paludukt al te finen by akwadukt Sintrale As

29 nov 2017 - 11:04

Fan de faunapassaazje njonken it Prinses Margrietkanaal by Burgum wurdt al folop gebrûk makke. Dat sjocht Eddy Wymenga fan it ekologysk buro Altenburg & Wymenga. Se hâlde yn de gaten hokker bisten der delgeane. "It is in grut ferskaat oan bisten dy't der by del geane, mei yn it bysûnder de otter", seit Wymenga. It is in wichtige ferbining foar bisten dy't fan de Alde Feanen nei de Burgumer Mar ta wolle. Oars soene dy net mear passearje kinne troch de oanlis fan de dyk. Der is in wiet part en in drûch stik foar bygelyks hazzen.

By de oanlis fan it akwadukt oer de Sintrale As is oan de bisten tocht, mar dat moast ek wol neffens Willem de Boer fan de provinsje. "We hawwe der rekken mei te hâlden en dat hawwe we op dizze manier dien." 

Freed wurdt it saneamde paludukt offisjeel iepene troch deputearre Johannes Kramer. In paludukt is in passaazje foar bisten dy't njonken it kanaal rint, mar yn in akwadukt leit. Dat is reedlik unyk yn Nederlân, want it bart net faak dat by in akwadukt ek in passaazje foar bisten oanlein wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)