Benzine yn rioel Drachten

29 nov 2017 - 11:02

De brânwacht fan Drachten hat tiisdeitejûn oeren dwaande west om dumpte benzine út it rioel te pompen. By de brânwacht kamen meardere meldingen binnen fan omwenners fan it Vallaatsterend. Dy koene in sterke benzinelucht yn harren huzen rûke. Mei help fan in spesjalistysk bedriuw is de benzine út it rioel helle.

Neffens de brânwacht binne benzinedampen nea goed, mar hat der gjin direkt gefaar west. Ut ûndersyk die bliken dat de benzine fia de strjitkolken yn it rioel kaam is. De plysje docht ûndersyk nei wa't de benzine fuortstreame litten hat.

Trefwurden: 
benzine Drachten rioel
(Advertinsje)
(Advertinsje)