Ungelok troch min sicht mei pak strie foarop de trekker

29 nov 2017 - 09:35

Yn Kollumersweach barde tiisdei in ûngelok, wêrby't in trekker efterop in buske botste. De trekker hie in grut pak strie yn de griper foarop de trekker. Dêrtroch wie it sicht fan de bestjoerder, in 39-jierrige man út Kollumersweach, neffens de plysje hiel min.

In frou fan 44-jier út Ljouwert, de bestjoerster fan it buske, rekke ferwûne. De plysje warskôget foar dizze wize fan transport.

Trefwurden: 
ûngelok Kollumersweach
(Advertinsje)
(Advertinsje)