Kollum: "Ienriedich"

29 nov 2017 - 08:54

"Lutz Jacobi spruts moandei yn It Polytburo. En sei dêr dat gemeenten dy’t jild oerhâlde op guon saken, lykas yn de sûnenssoarch, dat jaan moatte oan oare gemeenten dy’t it yn dy sektor wat dreger ha. Se sei net lûdop dat soks al oantsjut dat dy ferskillende soarten belied fan gemeenten ferdwine moat. Eins sei se dat it better wêze soe as Fryslân ien gemeente waard, mar dat doart se noch net lûdop te dwaan. Mar se jout it sels wol oan. De Ljouwerter listlûker fan de PvdA komt rêstich sneontejûns it VVD-bolwurk SC Hearrenfean ynwaaien om nei it fuotbaljen te sjen. Se sjongt it Frysk folksliet mei, wylst se yn Ljouwert altyd seinen dat se dat net koenen. Likegoed sil Lutz mei Cambuur meitreurje dat Dijkhuizen ûntslein is, en ek sizze dat se mar gau in goeien beneame moatte dêre.

Oare parten fan de Fryske mienskip begjinne der ek al mei. It Museum Drachten tsjutte minsken de rjochting oan fan it Hearrenfeanster museum Belvédère. Dat die doe ek mar wat werom, yn de oarder fan litte we elkoar mar oanpriizgje. Mear as geweldich. It slacht alle konkurrinsje dy’t altyd bestie tusken gemeenten ûnderling en ek tusken provinsjale en gemeentlike dingen, yn ien kear yn de grûn. Fuort dermei. We binne hjir mei ús allen.

Stadichoan is it ynset. Wêr lies ik dat fan 'e wike ek al wer dat Ljouwert folslein akseptearre is as haadstêd fan Fryslân, en oarsom. In ûntinkbere meidieling fjouwer, fiif jier lyn, doe’t Ljouwert noch beskôge waard en sels fielde as wat oars. Sterker, oer in moanne gean der ferskate gemeenten byelkoar en wurdt Littenseradiel sels ferdield. Mar ik hear gjin klachten. Wommels akseptearret it gewoan dat se no aanst by Groot Sneek hearre.

En it is net in foarboade fan Kulturele Haadstêd hear. Dat makket ús net ienriedich. Mar dat is in te lang ferhaal hjir. Boppedat moatte we ek wer relativearje. De gemeente Hearrenfean is earnstich ferûntrêste oer de eventuele gasboarringen by Langsweagen. Ja, dat is net de gemeente Hearrenfean, mar Opsterlân. Mar Opsterlân fynt it blykber goed dat soks trochgiet, en dan sil der boarre wurde út Langsweagen wei nei ûnder it Hearrenfeanster Skoatterwâld ta. Je kinne no oan de iene kant sizze, wie it mar ien gemeente, want dat komt der yn de takomst dochs fan en dan soenen je ien ferhaal hearre litte kinne. Mar je kinne ek sizze dat in bytsje gearwurking yn stânpunten no wat tewei bringe kinne soe tsjin dy hurdkûterige regearing. Mar Opsterlân sliept rêstich fierder, boarje of net boarje. Miskien wurde se noch wekker ynkoarten, Van der Zwan moat mar ris op de bedsteesdoar klopje, en Opsterlân fertelle wat de minsken der fan fine.

Want dat is it allerwichtichste fansels. Pas as de ynwenners fan Fryslân it oer in hiel soad saken iens binne kin der wat barre. Greta Riemersma hie yn de Volkskrante sneon in ferhaal oer dat as je trochdolle dat der dan wol deeglik ferskil is tusken Fryslân en de Rânestêd. Nei oanlieding fan it Swarte Pite-gedoch. No Greta, dy Rânestêd falt op himsels wol wat ta, hear.

Foarbyldsje. De reedriders sille kommend wykein los yn Calgary. Hjir en dêr moat guon it slûpe litte fanwege oare belangen of sykte. Dêrom hat Jesper Hospes fan It Hearrenfean it rjocht om mei te dwaan oan de World Cup. Hy wie sânde yn de offisjele seleksjewedstriid oer de 500 meter. Michel Mulder waard dêr njoggende. Mar Arie Koops fan de KNSB nimt Michel Mulder mei. Net Jesper Hospes. In skandalige saak. Arie Koops hâldt nammentlik net fan Fryslân, Thialf en hielendal net fan Friezen. Want dy sizze de wierheid en dêr kin Arie net oer. Mar Arie komt net fan de Rânestêd, Arie is in Drint.

Oeral binne lju dêr’t je as Friezen fan sizze, dêr moatte we net mei omgean. Inkeld, yn de Rânestêd wenje mear minsken, dus ferhâldingsgewiis ek mear dy’t neffens ús net doge. Oeral binne wol fan dy oars tinkende lju. We moatte der sels rekken mei hâlde dat der ek ûnder ús minsken binne dêr’t we miskien net mei omgean moatte of kinne. Mar dat binne mar in pear, dy wurde wol wei yn ús fantastyske provinsje dy’t o sa ienriedich de takomst temjitte giet."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)