Akkrum net bliid mei skrassen intercitys

29 nov 2017 - 08:25

Mei yngong fan 10 desimber stoppet de intercitytrein tusken Ljouwert en Den Haag net mear op de stasjons fan Grou-Jirnsum, Akkrum en Wolvegea. Dat betsjut dat reizgers út dy doarpen dy't bygelyks rjochting Rânestêd wolle folle langer ûnderweis binne. Se moatte tenei oerstappe op It Hearrenfean of yn Meppel of Zwolle. De reistiid wurdt 25 minuten langer. Je moatte alve minuten wachtsje yn Meppel en dan noch fjirtjin minuten yn Zwolle of je hawwe 22 minuten opûnthâld op It Hearrenfean.

Yn it beliedstema fan de provinsje Fryslân stiet neat oer dizze grutte yngreep, der hat gjin oerlis west.

Deputearre Johannes Kramer seit dat it foar 19.000 reizgers in foarútgong is en foar 800 minsken is it in achterútgong. "Yn desimber komt der in fjirde trein yn de oere tusken Ljouwert en Zwolle, dus dat betsjut dat de minsken twa kear yn de oere wol út har doarp komme kinne. Boppedat wurde de tiden ek geunstiger, nei it healoere ta."

Trefwurden: 
intercity trein NS Akkrum
(advertinsje)