Eaststellingwerf wol ferfolch op proef selsridend ferfier

Selsridend buske yn Appelskea © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Eaststellingwerf is op syk nei in ferfolch op de proef mei selsridend ferfier. Foarich jier hie de gemeente de lanlike primeur mei selsridend ferfier by Appelskea. Dit gie net altyd goed, mar de gemeente hat in soad leard fan de proef en hâldt der in posityf gefoel oan oer. Yn de takomst moat der opnij in duorsum en ynnovatyf projekt nei Eaststellingwerf helle wurde, fynt de gemeenteried.