Oanfierder Spitse spilet lyk mei Oranje tsjin Ierlân

Sherida Spitse © Awfoto
De Nederlânske fuotbalfroulju, mei oanfierder Sherida Spitse fan Snits yn de basis, binne tiisdeitejûn yn de WK-kwalifikaasjewedstryd tsjin Ierlân net fierder kaam as in lykspul. Yn Nijmegen bleau it 0-0.
Nederlân krige yn de earste helte goede kânsen. Stephanie van der Gragt wie al ticht by de iepeningstreffer, mar har kopbal waard krekt foar de line keard. Spits Vivianne Miedema seach in skot op de peal einigjen.
Nei it skoft bleaunen de Nederlânske froulju it Ierske doel oanfallen, ûnder oare mei in ôfstânsskot fan Spitse. Mar de goal foel net. En Nederlân woe flak foar tiid in penalty ha nei in handsbal fan de Ieren yn it strafskopgebiet, mar de skiedsrjochter gong der net op yn.
Nederlân stiet der nei trije pûlwedstriden noch wol goed foar, want de earste twa wedstriden leveren in oerwinning op. Mar datselde jildt foar Ierlân. Beide lannen steane no dield boppe-oan yn de pûl. De pûlwinner giet direkt nei it WK fan 2019 yn Frankryk, de nûmer 2 mei noch hoopje op play-offs.
De earstfoljende wedstryd yn de WK-kwalifikaasje foar Nederlân is pas takom jier. Yn april spylje de froulju thús tsjin Noard-Ierlân.