B&G Foodfactory wint ûndernimmerspriis Achtkarspelen

28 nov 2017 - 22:03
Jos Blom en Henk van der Heide fan B&G Foodfactory - Foto: Rik Schoonhoven

IIsfabryk B&G Foodfactory út Surhústerfean hat de ûndernimmerspriis fan Achtkarspelen wûn. De sjuery seach dit jier ûnder oare nei ynnovaasje, duorsumens en betsjutting foar de regio. Neffens de sjuery is B&G Foodfactory in oanwinst foar de gemeente Achtkarspelen.

By it bedriuw wurkje sa'n tsien minsken, mar op de pykmominten binne dat der 25. "B&G Foodfactory verdient de ondernemersprijs voor de vernieuwingsdrang, de rol in de regio en de durf om te ondernemen", sei sjueryfoarsitter Joop Atsma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)