Stimbus fan Top2000 komt nei Ysbrechtum

28 nov 2017 - 21:38
Foto: ANP

Nei in yntinsive lobby is it safier. De stimbus fan de Top2000 komt nei Ysbrechtum. Tiisdei 5 desimber stiet de bus yn dat doarp en kinne minsken harren favorite nûmer dêr nominearje foar de Top2000. Dy wurdt elts jier tusken kryst en âld en nij útstjoerd op NPO Radio2.

De lobby waard begûn troch Jantine Nauta út Ysbrechtum. Dy wie sa'n súkses op sosjale media dat NPO Radio2 besleat in stop yn dat doarp te meitsjen by har toer troch Nederlân. De Ysbrechtumers sille no de hannen út de mouwen stekke om der in grut feest fan te meitsjen.

Trefwurden: 
Top2000 Ysbrechtum
(advertinsje)
(advertinsje)