Beloftebeker: winst Cambuur, ferlies Hearrenfean

28 nov 2017 - 20:53

De beloften fan Sportklup Cambuur ha yn de beker Jong Go Ahead Eagles ferslein. Yn it Cambuurstadion waard it 3-1. Alle goals foelen yn de twadde helte. Foar Jong Cambuur skoarden Tyrone Conraad, Gijs Jasper en Nigel Robertha. Yn de bekerpûl mei yn totaal seis teams hat Jong Cambuur no fjouwer punten út twa wedstriden, want earder spile de ploech fan Dennis van der Ree gelyk tsjin de beloften fan Willem II: 3-3.

Jong Hearrenfean gong ûnderút op besite by de beloften fan Helmond Sport. Trainer Chris de Wagt, dy't it dwaan moast sûnder spilers út de A-seleksje, seach dat Joey Godee yn de 40e minút de iennichste goal fan de wedstryd makke. Yn de earste pûlwedstryd hie Jong Hearrenfean noch mei 4-0 wûn fan Jong RKC. Ek de beloften fan Hearrenfean sitte yn in pûl mei fiif oare teams.

Yn desimber spylje beide Fryske belofteteams harren tredde bekerwedstryd. Uteinlik geane de twa bêste teams yn eltse pûl troch.

(advertinsje)
(advertinsje)