Fraksjefoarsitter Sjoerd Keizer ferlit PvdA Kollumerlân

28 nov 2017 - 20:23
PvdA

PvdA-fraksjefoarsitter en -riedslid yn Kollumerlân Sjoerd Keizer ferlit de partij. Hy sil him ynsette foar de nije progressive partij SIN, dat stiet foar Sociaal in Noardeast-Fryslân. Keizer is in grut foarstanner fan in grutte progressive partij yn Noardeast-Fryslân, mar de PvdA wol hjir net oan meidwaan. Sy binne ûnderwilens opgien yn PvdA Noardeast-Fryslân.

Keizer hâldt 1 febrewaris 2018 op by de PvdA. Hy hat dan fiif jier yn de gemeenteried sitten foar dy partij. Syn sit yn 'e gemeenteried jout er werom oan de PvdA.

SIN sil yn novimber 2018 meidwaan oan de weryndielingsferkiezingen. Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân fusearje yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)