Michiel Riedijk wint Abe Bonnemapriis

28 nov 2017 - 18:09
Ed Nijpels, Marcella Bonnema en Michiel Riedijk - Foto: ir. Abe Bonnema Stichting

Michiel Riedijk hat de Abe Bonnema Architectuurprijs 2017 wûn. Dit makke Ed Nijpels, foarsitter fan de ir. Abe Bonnema Stichting, tiisdei bekend yn it Rijksmuseum yn Amsterdam. Riedijk krijt de priis fan 50.000 euro foar syn ûntwerp fan it stedhûs fan Deventer. Yn it Fries Museum yn Ljouwert is fan 5 desimber oant 7 jannewaris in tentoanstelling te sjen fan alle ynstjoerings foar de priis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)