18,5 miljoen euro foar Fryske ûndernimmers

28 nov 2017 - 17:58

De provinsje Fryslân wol 18,5 miljoen euro beskikber stelle foar Fryske ûndernimmers, om nije projekten op te starten of om te groeien. It jild moat ûnderbrocht wurde yn de Friese Ontwikkelingsmaatschappij, oftewol de FOM. Neffens deputearre Sander de Rouwe is der in ferlet fan in lytse, tagonklike finansieringsregeling foar ûndernimmers yn Fryslân. Neffens De Rouwe moat it jild krekt dat ekstra triuwke wêze foar ambisjeuze ûndernimmers.

De Friese Ontwikkelingsmaatschappij is yn oktober oprjochte en sil útfierd wurde troch de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij. De FOM is benammen bedoeld foar it midden- en lytsbedriuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)