Folkssûnens net yn gefaar west by gaslek Motip Dupli

© De Vries Media
Der hat gjin gefaar west foar de folkssûnens troch it gaslek by it gemyske bedriuw Motip Dupli yn Wolvegea, ôfrûne freedtejûn. Dat seit boargemaster André van de Nadort fan de gemeente Weststellingwerf. Helptsjinsten rieden freed massaal út nei't der CO2 út in tank lekte by it bedriuw.
Der wie dêrtroch koarte tiid in gaswolk te sjen yn de omjouwing fan it bedriuw. It frijkommen CO2 wie lykwols gau wer ferdwûn. Der wurdt troch in ûnôfhinklike partij ûndersyk dien nei de oarsaak fan de lekkaazje.