Ynride op ferkearsregelers: 120 oeren wurkstraf easke

28 nov 2017 - 17:40
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

Tsjin in man út Hooghalen is in wurkstraf fan 120 oeren easke omdat er ferline jier yn Appelskea op twa ferkearsregelers ynriden is. In man út Hijken soe in wurkstraf fan 60 oeren ha moatte foar syn rol yn it gehiel, fynt justysje. De manlju diene mei har trekkers mei oan de Truckshow en Oldtimerdei yn Appelskea. Se soene in terrein op dêr't se net komme mochten. Doe't de ferkearsregelers dêr wat fan seine, rieden de manlju mei fûle feart op se ôf. Ien fan de twa rekke licht ferwûne. De fertochten hiene flink dronken.

De offisier fan justysje easke dêrom ek in rydûntsizzing fan in moanne tsjin beide manlju. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Appelskea ferkearsregler
(Advertinsje)
(Advertinsje)