Leeuwarder Leeuwtje foar Ap Timmermans

28 nov 2017 - 17:30
Foto: Gemeente Ljouwert

Ap Timmermans is tiisdeitemiddei ûnderskieden mei it Leeuwarder Leeuwtje. Timmermans krijt it Leeuwtje foar syn jierrenlange ynset foar Ljouwert. Sa wie er 34 jier lang bestjoerslid fan in stichting dy't de bou en eksploitaasje fan parkeargaraazjes befoardere. Ek wie er lange tiid riedslid en wethâlder yn de gemeente Ljouwert. As wethâlder hat er in wichtige rol spile by de útwreiding en modernisearring fan de parkeargaraazje Zaailand en de bou fan parkeargaraazje Hoeksterend.

(advertinsje)
(advertinsje)