Twadde Keamer: ûndersyk nei fossylfrije Fleanbasis Ljouwert

28 nov 2017 - 17:45
F-16 Falcon - Foto: ANP

Fleanbasis Ljouwert moat ûndersykje hoe't sy yn 2018 twa wiken lang fossylfrij wêze kin. Dat wol de Twadde Keamer, dy't ynstimde mei in moasje fan GrienLinks-Keamerlid Isabelle Diks. Sy wol dat de fleanbasis meidocht oan de Elfwegentocht. Dat is in projekt wêryn't bedriuwen, oerheden en organisaasjes yn Fryslân fan 1 oant en mei 14 july takom jier gjin fossile brânstoffen brûke.

Isabelle Diks: "De Elfwegentocht is een prachtig duurzaam project in het kader van Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad 2018. Dat Defensie bekijkt hoe ze hier een steentje aan kan bijdragen is heel goed nieuws. Samen kunnen we laten zien hoe we in Fryslân twee weken volop functioneren én geen, of zo min mogelijk, fossiele brandstoffen gebruiken."

(advertinsje)
(advertinsje)