Subsydzje foar multyfunksjoneel sintrum yn Berltsum

28 nov 2017 - 16:56

De provinsje lûkt 125.000 euro út foar de realisaasje fan in multyfunksjoneel sintrum yn Berltsum. It is de bedoeling dat dêr net allinne foarsjenningen foar it doarp sels yn komme, mar ek foar in grutter gebiet. Dan giet it bygelyks om it konsultaasjeburo, de tromboazetsjinst, de fysioterapeut en it regiokantoar fan thússoarch Het Friese Land. Dy sitte no yn it gebou fan it Griene Krús, mar dat is bot ferâldere. In part fan de subsydzje is bedoeld foar ynvestearringen op it mêd fan duorsumens.

(advertinsje)
(advertinsje)