Wurkstraf easke fanwege knock-out

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Tsjin in ynwenner fan Tytsjerksteradiel is in wurkstraf fan 80 oeren easke fanwege mishanneling. De man hat fan 't simmer yn sintrum fan Ljouwert in oare man knock-out slein. It slachtoffer foel mei de holle op de grûn en wie in skoftsje út de tiid. Neffens de fertochte wie it slachtoffer dejinge dy't agressyf wie, dy soe him in kopstjit jûn ha. Mar dêr binne gjin tsjûgen fan.
It is net foar it earst dat de man út Tytsjerksteradiel de fout yn gie. Ferline jier hie er in man tsjin de holle skopt, ek yn Ljouwert. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.