Iensume âlderen yn feestmoanne nei fakânsjepark

28 nov 2017 - 16:06

Fakânsjepark De Roggeberg yn Appelskea hat mids desimber in groep iensume âlderen te gast. It giet om minsken dy't hast gjin sosjale kontaken hawwe en dy't dat foaral yn de feestmoanne desimber bot fernimme. Se krije dy dagen in kompleet fersoarge programma oanbean, mei bygelyks in krystbrunsj en in krystmerke of in besite oan de kapper.

Ek op twa oare fakânsjeparken binne iensume âlderen te gast. De midwike wurdt har oanbean troch RCN Vakantieparken, yn gearwurking mei ûnder oare it Nationaal Ouderenfonds.

(Advertinsje)
(Advertinsje)