Boete foar iepen winkels yn Smellingerlân op desimbersneinen

28 nov 2017 - 15:34
It sintrum fan Drachten - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De gemeente Smellingerlân wol optrede tsjin winkellju dy't iepen geane op 24 en 31 desimber. Beide dagen falle op in snein. Der wiene winkellju dy't op dy sneinen graach iepen woenen, mar de gemeenteried wol dat net lije. Smellingerlân hat gjin keapsnein en de gemeente wol gjin útsûnderingen meitsje.

Dêrnei is in aksje op tou set fan winkellju dy't dochs iepen wolle. Boargemaster Van Mourik hat de minsken warskôge dat se in boete krije kinne fan maksimaal 6.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)