Plysje staakt foar bettere pensjoenregeling

28 nov 2017 - 15:20

In part fan de Plysje Noard-Nederlân hie tiisdeitemiddei yn Drachten in wurkûnderbrekking. De plysje fiert aksje foar in bettere (pre-)pensjoenregeling. Plysjeminsken moatte ek langer trochwurkje. Se fine sels dat har wurk sa swier is, dat se earder mei pensjoen kinne moatte. De plysje hâldt al in skoftsje estafettestakingen. Yn Drachten duorre de wurkûnderbrekking tiisdei oant fiif oere.

Mei in petysje binne der yntusken 38.000 hantekeningen ophelle. Dat is hast genôch om it ûnderwerp op de aginda fan de Twadde Keamer te krijen. ACP-fakbûnsbestjoerder Gerrit van der Kamp prate de minsken yn Drachten by oer de petysje. Ynset fan de aksjes is om de pensjoenleeftiid yn it plysjekorps wer fleksibel te krijen en de fiskale behinderingen foar in betider pensjoen werom te draaien.

Neffens it fakbûn is plysjewurk in swier berop en moat der soepeler mei it pensjoen omgean wurde. Boppedat soe it jongeren mear kâns jaan op it wurkjen en trochstreamen yn it plysjekorps.

Trefwurden: 
plysje staking
(Advertinsje)
(Advertinsje)